Soan fan Jopie Huisman rûmt op

20 des 2000 - 12:10

Jacob Huisman, de soan fan Jopie, is yn Haulerwyk dwaande it guod fan syn heit op te rêden. It guod fan de twa moannen lyn ferstoarne skilder wurdt nei it Jopie Huismanmuseum yn Warkum oerbrocht.

De souder fan de pleats dêr't Jopie Huisman 36 jier wenne hat, is yn de lêste libbensjierren fan de keunstner fol rekke mei stuollen en fûken. In part fan it guod wurdt yn it museum útstald.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)