Oerlis oer busferfier rint fêst

© Omrop Fryslân
It oerlis tusken busmaatskippij Arriva en de provinsjes Grinslân en Drinte is op 'e non rûn. Arriva-personiel twong it oerlis moandei ôf mei in staking. De provinsjes wolle in koarting fan it Ryk trochberekkenje oan 'e busmaatskippij.
Sawat 300 bussjauffeurs, ûnder oare út Fryslân wei, kamen út protest gear yn Assen. Troch de staking rekke it iepenbier yn it hiele Noarden ûntregele.