Pikestront ferwurkje yn Damwâld

19 des 2000 - 16:40

By Damwâld wurdt yn 'e takomst op grutte skaal pikestront ta kompostpoeier ferwurke. De gemeente Dantumadiel hat in fergunning ôfjûn foar 25.000 ton op jierbasis oan it bedriuw Te Wierik.

It bedriuw ferwurket al pikestront ta túnboudong yn Raalte, Meppel en Utrecht. De stankoerlêst yn Damwâld sil safolle mooglik beheind wurde, sa sei in wurdfierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)