Breanedige winst Heerenveen

18 des 2000 - 16:50

Fuotbalklub Heerenveen hat einlings wer ris in wedstriid wûn. Yn Roosendaal waard it by RBC 0-3. Heerenveen hie de punten breanedich. Om't Grins ek wûn, fan Feyenoord, bliuwt de ploech lykwols op it fjirtjinde plak stean.

Denneboom makke flak foar rêst de earste goal. Talan en Kolk soargen foar in gruttere marzje. Tongersdei spilet Heerenveen út by konkurrint Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)