Plysje hâldt grutte kontrôle

17 des 2000 - 17:24

Mear as hûndert autoriders ha freedtejûn in bekeuring krigen. Dat barde by de grutste kontrôle dy't de plysje Fryslân de ôfrûne jierren holden hat. De plysje wurke gear mei dy fan Flevolân.

Tusken Bant en De Lemmer waarden 1900 auto's oanholden. De plysje seach nei de autopapieren, de technyske steat fan de auto, alkohol en fjoerwurk. Mar in pear minsken hienen tefolle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)