'Mear foarsjennings reedriders'

© Omrop Fryslân
De oerheid moat mear neitinke oer foarsjennings foar it reedriden op natueriis. Dat hat foarsitter Kroes fan de Alvestêdeferiening freed sein. Hy tinkt oan foarsjennings dy't kanoers ek brûke kinne.
Kroes die syn útspraak op de jierlikse ledegearkomste. Dêr waard ek besletten dat it stempeljen bestean bliuwt, ek as de chips yntrodusearre wurde.