Nije jachthaven Aldeberkeap
In nije jachthaven wurdt takom jier oan 'e noardkant fan Aldeberkeap oanlein. De haven wurdt boud omdat de besteande foarsjenning net mear oan de hjoeddeiske easken foldocht. De kapasiteit is boppedat net grut genôch.
De âlde haven yn Aldeberkeap wurdt by it besteande bedriuweterrein lutsen. De oanlis fan de nije haven kostet 535.000 gûne.