Grûnbank foar gemeenten

© Omrop Fryslân
Alle gemeenten yn Noard-Nederlân soene har bedriuwsterreinen ôfstean moatte oan in nij op te rjochtsjen bedriuw. De gemeenten krije der dan oandielen yn de nije NV foar werom. Mei dat plan komt yngenieursburo 'It Noarden', in dochterûndernimming fan de Grontmij.
Troch alle grûn yn ien bedriuw ûnder te bringen, soene bedriuwsterreinen boppedat folle mear jild opsmite kinne.