Selstraf easke yn stoeptegelsaak

© Omrop Fryslân
Foar de rjochtbank yn Ljouwert is tongersdei trije jier selstraf easke yn de saneamde 'stoeptegelsaak'. De haadfertochte wurdt skuldich achte oan swiere mishanneling op it Drachtsterplein yn Ljouwert. It slachtoffer sil nea wer de âlde wurde.
Tsjin ien fan de oare fertochten is frijspraak easke, de oare trije hearden 20 moanne sel. Utspraak oer twa wike.