Strangere regels Waadsee

15 des 2000 - 09:38

De regeljouwing foar de Waadsee sil nei alle gedachten yn de takomst stranger wurde. De regels binne fêstlein yn de saneamde Planologische Kernbeslissing en dêr komt in nije ferzje fan.

Dêr stiet ûnder oaren yn dat der minder op skulpen fiske wurde mei. Ek meie havens net fierder de see yn útwreidzje. Boargemaster Arlman fan Harns trunet al jierren oan op sa'n útwreiding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)