Opheljen deade skiep goedkeaper
It dumpen fan deade skiep yn lannen en sleatten is nei alle gedachten gau dien. De Twadde Keamer stiet achter in maatregel dy't dat foarkomme moat. In ophelbeurt is mei weromwurkjende krêft goedkeaper wurden.
Minister Borst fan Folkssûnens oerleit mei de lânbousektor oer in nij taryfsysteem. Troch de BSE-krisis binne de boeren in protte jild kwyt.