Ferkeap fjoerwurk rint aardich

14 des 2000 - 16:57

De ferkeapsifers fan it topjier 2000 wurde dit jier net helle yn de fjoerwurkbrânzje, mar dochs binne de produsinten net ûntefreden. Neffens fjoerwurkfabryk Schuurmans yn Ljouwert binne de ferkeapen dit jier te fergelykjen mei it jier 1998.

De ferwachtings dat dit jier troch de fjoerwurkramp yn Enschede folle minder ferkocht wurdt, liket net út te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)