Hearrenfean djipper yn moeras

© Omrop Fryslân
Hearrenfean sakket hieltyd djipper yn it moeras. Woansdei waard yn it Abe Lenstrastadion mei 0-1 ferlern fan Willem II. It doelpunt waard makke út in strafskop neidat Ronnie Venema hands makke hie yn it strafskopgebiet.
It kostet de Feansters benammen muoite om doelpunten te meitsjen. De degradaasjesône komt hieltyd tichterby. De klub stiet mei 16 punten op it 14e plak.