Ruil fan brêgebehear

© Omrop Fryslân
It behear fan de Sânsleatbrêge by Terherne giet fan de gemeente Boarnsterhim oer nei de provinsje. Yn ruil dêrfoar krijt de gemeente it behear oer twa brêgen by Nes by Akkrum.
Beide oerheden binne mei de ruil goedkeaper út. De provinsje wol de gemeente ek helpe mei de eksploitaasje fan it nachts yn de faart hâlden fan it pontsje oer it PM-kanaal nei it eilân De Burd.