Ien op de fiif treinen te let

13 des 2000 - 18:39

Ien op de fiif treinen út Grins komt mei fertraging yn Ljouwert oan. De 'Kwaliteitsthermometer Noord-Nederland' fan Rover is net loovjend oer it treinferfier. De reizgersorganisaasje ûndersocht de service fan de NS en Noordned.

Ek op de line Snits - Ljouwert rydt in lyts tweintich prosint te let. De ynformaasjefoarsjenning foar reizgers skoart ek net heech yn it Roverûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)