Provinsje helpt Infirmerie

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten stelle in heal miljoen gûne beskikber foar de Infirmerie yn Ljouwert. Twa jier ferlyn waard it monumintale gebou troch brân troffen. It wie doe krekt opknapt.
De renovaasje kostet mei-inoar in pear miljoen. De provinsje hopet dat sponsors no ek jild op it kleed lizze. As alles klear is, wurdt de Infirmerie in keunstsintrum, mei ûnder oare de Keunstútlien.