Hege wetterstân net alarmearjend

13 des 2000 - 17:50

It wiete waar yn kombinaasje mei de hurde wyn spilet de wetterskippen op. De slûzen fan Terherne binne tichtset en it Woudagemaal en Hooglandgemaal binne yn wurking set. By de Burgumerdaam stiet it wetter 30 sentimeter heger as oars, de grutste ferheging yn Fryslân.

It Wetterskip Fryslân slacht noch gjin grut alarm. Der wurdt op 't heden omraak spuid op de Waadsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)