'Nee tegen geweld' hat effekt

13 des 2000 - 16:03

De Ljouwerter oanpak fan sinleas geweld docht fertuten. It tal misdriuwen is mei 9% ôfnimmen. Bewenners en útgeanspublyk fynt it ek feiliger yn de binnenstêd.

Der is mear plysje yn de binnenstêd, ek op útgeansjûnen. Ek de dúdlike gedrachsregels yn kroegen en disko's helpe, sa docht bliken út de evaluaasje. Gemeente en plysje binne wiis mei de útkomsten en sille it anty-geweldbelied trochsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)