15000 cd-brâners yn beslach naam

© Omrop Fryslân
De plysje en de FIOD hawwe tiisdei in partij fan 15.000 cd-brâners yn beslach naam. De apparaten sieten yn trije seekonteners op in bedriuweterrein yn Harns. De partij is stellen yn Dútslân.
Sechtich plysjes hawwe hússiking dien op ferskate plakken. Dêrby binne twa Ljouwerters fan 51 en 32 jier oanhâlden. De ferkeapwearde fan de partij sit tusken de 8 en 10 miljoen gûne.