BSE-tests ynset fan moasje Atsma

12 des 2000 - 18:55

Twadde-Keamerlid Joop Atsma tsjinnet tiisdei in moasje yn yn 'e BSE-kwestje. Lânbouminister Brinkhorst wol alle kij dy't net op BSE test binne, ferneatigje. Dat soe op 1 jannewaris yngean moatte.

Neffens CDA'er Atsma binne der dan net genôch test om al it slachtfee te keuren. Boeren moatte de mooglikheid krije om it fee op 'e pleats te hâlden oant der genôch tests binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)