Earrebarren yn Dokkum útfanhûs

12 des 2000 - 18:15

Seis of sân earrebarren binne moandeitejûn delstrutsen op dakken yn de nijbouwyk De Kooilanden yn Dokkum. De famylje Jellema skeakele de boskwachter yn doe't se de fûgel op har skoarstien ûntdieken.

Boskwachter Bylsma hat gjin ferklearring foar it wûnderlike útfanhúzjen fan de seldsume bisten. Gewoanwei fleane se yn septimber nei it Suden. Mooglik binne se fan slach troch it sêfte waar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)