Spijkerman by earste profploech

© Omrop Fryslân
Foar froulju is de earste profploech fan hurdfytsers gearstald. By it fytsefabryk Koga Myata op It Hearrenfean waard de ploech fan Farm Frites moandei presintearre. Olympysk kampioene Van Moorsel is de kopfrou.
Bertine Spijkerman fan Sint Nyk, dy't earder dit jier as tredde op it WK hurdfytsen einige, makket ek diel út fan de ploech.