Natuer fan slach troch waar

12 des 2000 - 15:17

De natuer is hielendal fan slach troch it sêfte waar foar de tiid fan it jier. Bûterblommen, poddestuollen en sûchnettels bloeie as wie it gjin desimber. It waar brekt alle rekords. De earste froastdei hat noch nea sa let west. Yn 1970 frear it op 11 desimber.

Oft de Krystdagen fan it jier wyt ferrinne sille, is de fraach. Om noch mar net te praten oer in Alvestêdetocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)