Nij Frysk juridysk wurdboek

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert wurdt moandei it earste Fryske juridysk wurdboek presintearre. Pieter Duijff fan 'e Fryske Akademy stalde it boek gear. Minister Korthals fan justysje hat it foaropwurd skreaun.
Duijff hat fjouwer jier wurke oan it wurdboek. Hy moast foar in protte juridyske útdrukkings nije Fryske termen betinke. Advokaten, notarissen en de rjochtbank binne wiis mei it boek.