Hântas âlde frou ûntfytmanne

© Omrop Fryslân
In 67-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean is sneontejûn fan har hântas berôve. Twa jonges skuorden har de tas út de hannen doe't se op wei nei it kasino wie. Ien fan de fertochten koe troch in opmerksume kasinomeiwurker pakt wurde.
De 17-jierrige fertochte is oan de plysje oerdroegen. Hy hie it jild, in lytse hûndert gûne, noch by him. De 18-jierrige mei-dieder moast ek op it buro komme.