Drege tiden transportsektor

© Omrop Fryslân
Fryske transportbedriuwen komme hieltyd mear yn 'e problemen troch de hege brânstofprizen. De ekstra kosten wurde net alhiel trochberekkene oan de klant.
Tsien prosint fan 'e bedriuwen kin de holle amper boppe wetter hâlde, sa seit Transport en Logistiek Nederland. De organisaasje hat berekkene dat de winst yn it tredde fearnsjier mei 35 prosint omdel gien is.