De Bazuin is Nederlânsk kampioen

11 des 2000 - 12:42

Brassband De Bazuin fan Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude is fan it wykein Nederlânsk kampioen wurden yn Sutfen. De Bazuin helle 95 punten op it ferplichte wurk 'A dove descending'.

Twad waard de Provinsjale Brassband fan Grins en de winner fan foarich jier De Wâldsang fan Bûtenpost waard tred. De folsleine útslach fan alle divyzjes is te lêzen op www.omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)