Transportsektor yn swier waar

© Omrop Fryslân
Fan de transportbedriuwen yn Fryslân kin tsien prosint amper de holle boppe wetter hâlde. De kosten binne tanommen troch hege brânstofprizen. De winstferwachting fan de ferfierssektor is oer it lêste fearnsjier negatyf.
De blokkades ha in fergoeding fan it Ryk opsmiten. Der moat lykwols in strukturele oplossing komme. Undernimmers moatte kosten oan har klanten trochberekkenje.