UvA-dosinten stypje aksje Frysk

© Omrop Fryslân
Dosinten fan de Universiteit fan Amsterdam stypje de aksje fan de Fryske Akademy om de oplieding Frysk yn de haadstêd te hâlden. Mei elkoar wolle 64 dosinten, oanfierd troch de adjunkt-direkteur fan de Universiteitsbiblioteek, dat it mooglik bliuwt Frysk yn Amsterdam te learen.
It bestjoer fan de UvA wol de stúdzjerjochting nei Grins bringe yn ruil foar Nijgryks. Op 21 desimber falt it beslút.