Deade en ferwûne by ûngemak

© Omrop Fryslân
By in slim ûngemak op de Wâldwei is freedtejûn in 21-jierrige man út Grins om it libben kommen. In ynwenner (20) út deselde stêd rekke swier ferwûne. Hy is nei it Drachtster sikehûs oerbrocht.
De bestjoerder helle net goed yn by Nyegea en botste frontaal op in ambulânse. De ynsittenden dêrfan waarden licht ferwûne. De dyk hat in pear oeren foar it ferkear ôfsletten west.