Potfisken sinjalearre

09 des 2000 - 14:09

Mooglik spiele der potfisken oan op de Fryske waadeilannen. Trije jier lyn barde dat op It Amelân. Fan it jier binne al fiif potfisken by de Sieuske kust sjoen en ek ien boppe Skiermûntseach.

Neffens de direkteur fan it Frysk Natuermuseum hat it gjin doel om de bisten op te wachtsjen. Seehûnekresfrijwilligers, kustwacht en fiskers lette op om ferdwaalde potfisken it paad te wizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)