DSW drok mei krystpakketten

09 des 2000 - 14:09

De sosjale wurkfoarsjenning DSW yn Ljouwert kin it ferwurkjen fan krystpakketten hast net oan. Yn in pear wiken tiid moatte 40.000 pakketten foar ûnder oare de Ljouwerter fleanbasis en de Woudengroep yn Drachten ynpakt wurde.

De romte dêr't de minsken yn wurkje is eins te lyts. DSW hiert ekstra romte omdat de eigen gebouwen al fol sitte. De foarsjenning hat it drokker as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)