Fryske justysje lit saken lizze

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert lit justysje ek saken lizze. Dat seit wurdfierder Brouwer fan it Iepenbier Ministearje yn reaksje op de útspraak fan prokureur-generaal Hulsenbek. Neffens him leit justysje de helte fan binnenkommen tips oan 'e kant om't der te min resjersjeurs binne.
De Fryske resjerzje stelt neffens Brouwer prioriteiten. Grutte saken krije de oandacht. Fraude en sedesaken minder.