Jeugdprostitúsjesaak oplost

08 des 2000 - 09:49

De plysje hat in grutte jeugdprostitúsjesaak oplost. De haadfertochte is in 53-jierrige man út Wieringen. De man bea jonges oan foar prostitúsje. Ek makke hy filmopnamen fan de ûntuchtichheden.

De plysje hat meiinoar acht manlju oanhâlden. Fjouwer dêrfan wenje yn Fryslân. De saak kaam begjin novimber oan it ljocht, nei't in jonge 'oanbean' wie op it parkearterrein oan 'e Tsjûkemar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)