Nij beswierskrift Vaatstra's

08 des 2000 - 00:00

It fersyk om it dossier oer Marianne Vaatstra yn te sjen, moat op 'e nij behannele wurde. Dat besleat de Ljouwerter rjochtbank freed. De famylje hie in berop dien op de wet fan iepenbierheid fan bestjoer. Dat fersyk waard ôfwiisd.

Mei in beswierskrift gie de famylje dêr tsjin yn. Fanwegen in proseduereflater moat it beswierskrift op 'e nij behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)