Opknapbeurt Foarstrjitte Kollum
De Foarstrjitte yn Kollum wurdt takom jier foar twa miljoen opknapt. B en W fan Kollumerlân binne woansdei ta in akkoart kommen mei de winkellju en doarpsbelang. De parkearplakken ferfalle en de supermerken sille better berikber wurde.
De lêste herynrjochting, fan 1983, foldie de middenstân net. Der binne doe ferskate needmaatregels nommen.