Undersyk by Bentex?
Der komt miskien in ekstern ûndersyk nei de mooglike sluting fan it Bentexdistribúsjesintrum op 'e Lemmer. De fakbûnen en de ûndernimmingsrie trune dêr op oan.
Se begripe net dat it bedriuw ferpleatst wurde moat nei Limburch. It sintrum soe prima draaie. Mooglik reitsje tritich minsken har wurk kwyt.