Ofskie fan Eritrea-gongers

07 des 2000 - 09:59

Op de fleanbasis yn Ljouwert is woansdei ôfskie nommen fan trettjin militêren dy't nei Eritrea geane. Se meitsje diel út fan de 1100 Nederlânske militêren, dy't dêr tafersjoch hâlde moatte op de frede tusken Eritrea en Ethiopië.

De militêren bliuwe in heal jier yn de Afrikaanse lannen. Dizze wike noch reizgje de Ljouwerters ôf nei har bestimming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)