Van der Werf út de polityk

© Omrop Fryslân
PvdA-wethâlder Julius van der Werf fan Tytsjerksteradiel stapt út de aktive polityk. Fanwege syn sûnens waard er earder dit jier al ferfongen troch ynterim-wethâlder Bakker.
Van der Werf hat krapoan 20 jier riedslid west, wêrfan in lytse 10 jier wethâlder. De ûntslachoanfraach komt op 21 desimber yn 'e ried. Bakker sil dan foardroegen wurde as opfolger.