'Akkrumer lokaaltsje' op 'e gong

© Omrop Fryslân
Groep 6 fan 'e Thalensskoalle yn Akkrum kin feilich leskrije yn in houten needlokaal op 'e gong. De brânwacht hat it bousel op fersyk fan 'e âlderrie besjoen en it doe goedkard. In protte âlden twivelen oan 'e brânfeiligens.
De Thalensskoalle kin de bern op 't stuit net bergje. In ekstern needlokaal kin pas yn febrewaris levere wurde. Foar de takomst lizze der nijbouplannen.