Omrop freget provinsje om jild

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hat de provinsje om 7 miljoen gûne subsydzje yn 't jier frege. De omrop wol dit jild brûke om alle dagen 2 oeren TV te meitsjen yn plak fan 1.
De omrop hat it jild nedich foar ferskate ambysjes: it meitsjen fan de earste Fryske soap, it útwreidzjen fan 'e radiostjoertiid fan 12 nei 24 oeren en it útbouwen fan 'e website. Ek wol de omrop mear televyzje op lokaasje meitsje.