Boerewein by brân ferlern gien

© Omrop Fryslân
In skuorre oan de Hege Simmerdyk op De Jouwer is moandei troch brân ferlern gien. It stiennen gebou, dat los fan it hûs stie, tsjinne as opslach. Der stie ûnder oare in antike boerewein yn.
De frou fan de bewenner ûntduts de brân. De 72-jierrige bewenner skeakele dêrnei de brânwacht yn dy't it fjoer bluste. De technyske resjerzje ûndersiket de oarsaak fan de brân.