Berop Van der Woude útsteld

05 des 2000 - 16:45

It heger berop fan Bauke van der Woude út Damwâld yn de diskriminaasjesaak yn de Kollumer asylsikerskwestje is útsteld. De kwestje soe tiisdei yn Ljouwert wêze, mar Van der Woude kin fanwegen lichaamlike klachten net foarkomme.

Van der Woude wie yn heger berop gongen tsjin de jildboete dy't de Ljouwerter rjochtbank him yn juny oplei. Hy hie him diskriminearjend utere oer asylsikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)