PvdA pleitet foar loadswêzen

© Omrop Fryslân
It fersoepeljen fan 'e regels foar loadsen is gjin goede saak. Dat fynt deputearre Heldoorn. Hy gie moandei mei PvdA-Twadde-Keamerlid Herrebrugh mei in loadsskip fan Harns út de Waadsee op.
It Ryk wol dat gruttere skippen tenei minder gebrûk hoege te meitsjen fan in loads. Dat betsjut minder wurk foar de loadsen, mar ek nuodlike situaasjes. Boppedat krije de loadsen minder jild.