Bou azc Sonnegea mei trochgean

05 des 2000 - 12:52

It COA mei trochgean mei de bou fan in azc by Sonnegea. Dat hat de rjochter moandei bepaald. Ynwenners fan Sonnegea en Aldetrine easkje stillizzing om de beswierskriften te behanneljen.

Twa wike lyn is mei de bou úteinset. It azc foar 600 minsken komt deun tsjin Sonnegea - 200 ynwenners - oan te lizzen. Weststellingwerf hat de boufergunning alfêst ôfjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)