WOB-saak Omrop tsjin Provinsje

05 des 2000 - 12:52

Omrop Fryslân hat de provinsje mei in berop op de WOB om alle stikken oer de SCI-affêre frege. Dit kompjûterbedriuw op it Hearrenfean hat neffens de Europeeske Uny mooglik tefolle stipe krigen.

De provinsje hat de stikken wol oan de steateleden jûn mar net oan de parse. Neffens Omrop Fryslân is dat yn striid mei de Wet Iepenbierens fan Bestjoer. It provinsjaal bestjoer bestriidt dat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)