Ajax wint fan Hearrenfean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat snein mei 6-2 ferlern fan Ajax. De Amsterdammers gongen al mei in foarsprong fan 3-1 de rêst yn. De twa goals foar de Friezen kamen fan Dennis de Nooijer (14e minút) en Lurling (64e).
Op de minne, glêde gersmatte yn de Arena krigen de spilers fan Foppe de Haan net folle kânsen tsjin Ajax. Neffens de trener rekken Jensen en Gerard de Nooijer troch it ûnbespylbere fjild blessearre.