Nij bernedeisintrum yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum wurdt moandei in nij deisintrum foar bern mei in ferstanlike en lichaamlike handikap iepene. It Lytshûs is in dependânse fan it bernedeisintrum It Kampke yn Ljouwert en is in ûnderdiel fan Stichting Heechhout Kaai.
Mei it nije sintrum kinne 16 bern út Noardeast-Fryslân yn de eigen regio telâne. Der binne plannen om mei bern fan skoallen yn de buert gear te wurkjen.