Gefolgen gaswinning by Grou

© Omrop Fryslân
Yn it Grouster leechlân binne de gefolgen fan gaswinning troch de Nam te fernimmen. Op acht plakken yn it leechlân hellet de Nam gas út de grûn. Dat feroarsaket fersakking.
Oan gebouwen is it sakjen fan de boaiem te sjen. Yn de muorren komme almar grutter wurdende skuorren. De rykskommisje Tommel, dy't him mei de boarrings dwaande hâldt, komt mei ûndersyksútstellen.