Wedstriid fan Skipfeart Museum

03 des 2000 - 18:48

It Frysk Skipfeart Museum yn Snits skriuwt in wedstriid út foar bern fan 5 oant 16 jier. Der binne ferskillende opdrachten per leeftydskategoary (5-8, 9-12 en 13-16 jier).

Formulieren binne by it museum te krijen. Foar 31 desimber moatte de ynstjoeringen binnen wêze. De winners krije mei de klasse in rûnlieding troch it museum en har klassefoto komt op it ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)